UNIS Flyers freed mei Thialf om tafel oer nij hierkontrakt

22 jun 2020 - 15:12

In delegaasje fan de UNIS Flyers sil freed mei de direksje fan Thialf om tafel oer in nij hierkontrakt. Dat rint nije wike, op 1 july, ôf en yn april waard dúdlik dat de iishal it kontrakt opsein hat troch de finansjele problemen dy't se hawwe. It wie doetiids in formele opsizzing.

Foto: Omrop Fryslân

Ofspraken

It iishockeyseizoen begjint noch net, mar der moatte fansels wol ôfspraken makke wurde oer it nije seizoen. Dêr hoopje de UNIS Flyers en Thialf de kommende wiken út te kommen. Neffens Thialfdirekteur Marc Winters is it in 'regulier overleg' wêryn't se fan gedachten wikselje oer it folgjende seizoen.

Earder hat Henk Hoekstra, foarsitter fan de Flyers, al oanjûn dat de klup net folle mear hier betelje wol. "De petearen moatte reëel wêze. Wy binne ien fan de djoersten yn Nederlân kwa hier dy't we betelje", sei Hoekstra yn april doe't dúdlik waard dat it kontrakt opsein waard.

Trefwurden: 
Thialf iishockey UNIS Flyers
(advertinsje)
(advertinsje)