Burdaard krijt eigen bierke: Burdaarder Blond

"Doch my mar in Burdaarder Blond." Fan 3 july ôf kinst yn Burdaard in spesjaal bierke bestelle mei dizze namme. It doarp brout nammenlik syn eigen bierke, dat fan 3 july ôf te bestellen is. De opbringst giet nei it doarp.
© Burdaarder Blond
It idee foar in eigen mienskipsbierke ûntstie foarich jier yn multyfunskjoneel sintrum It Spektrum. It bierke sil dêr ek te krijen wêze. Boppedat is it te keap by ferskate kroegen en winkels yn de omjouwing. De opbringst wurdt brûkt foar lokale inisjativen yn it doarp.