Fertochte stekpartij hat polityk motyf, man wurdt besykjen ta moard te lêste lein

De fertochte (38) fan de stekpartij by it stasjon yn Ljouwert fan foarige wike freed is moandei foarlaat foar de Ljouwerter rjochtbank. Hy wurdt fertocht fan besykjen ta moard. By de stekpartij rekke de Ljouwerter Koerd Sadegh Zarza (64) slim ferwûne. Zarza is aktyf by de Koerdyske Demokratyske Partij Iran. Freonen en kunde fan Zarza hâlde rekken mei in politike oanslach.
Fertochte stekpartij hat polityk motyf, man wurdt besykjen ta moard te lêste lein

Polityk motyf

De fertochte kin in lange selstraf foar syn died krije. Hy sit yn ferbân mei it ûndersyk yn beheining. Njonken syn advokaat Peter Bonthuis mei er mei gjinien kontakt hawwe.
De advokaat befestige moandeitemoarn betiid dat syn kliïnt 'in polityk motyf hie' foar de stekpartij. Bonthuis kin dat fierder net taljochtsje, omdat syn kliïnt no yn folsleine beheining sit. Justysje hat moandei in saneamd 'groot onderzoeksteam' op de saak set. Justysje wol fierder neat oer de saak sizze.

Lange earm fan Iran

Der wurdt yn Nederlân al in pear jier praat oer de saneamde 'lange earm fan Iran'. It komt der op del dat politike flechtlingen út Iran dy't yn Nederlân polityk aktyf binne foar de Koerdyske of de Iraanske opposysje it risiko rinne om oanfallen te wurden troch oanhingers fan it Iraanske rezjym.
© Kappers Media
Dêr binne ferskate foarbylden fan: yn novimber 2017 waard bygelyks yn Den Haag de Arabyske Iraniër Ahmed Mola Nissi foar syn hûs deasketten. Syn famylje is derfan oertsjûge dat dat it wurk is fan de Iraanske geheime tsjinst, mar it is yn 'e praktyk lestich om soks te bewizen. En der binne mear foarbylden fan oanslaggen op polityk aktive Iraanske flechtlingen yn Nederlân.

Wat witte we noch mear oer it politike motyf?

Dat is in wat lestich ferhaal. De fertochte hat ferklearre dat it slachtoffer ferantwurdlik is foar de dea fan fjouwer freonen fan him. De famylje leaut der hielendal neat fan. De advokaat en ek it Iepenbier Ministearje koene en woene moandei net fierder yngean op dat ferhaal.
Ferslachjouwer Onno Falkena oer de stekpartij