Eise Eisinga Planetarium iennige Fryske bydrage oan nije Canon fan Nederlân

22 jun 2020 - 12:49

It Keninklike Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer is de iennige Fryske bydrage yn de nije Canon fan Nederlân. Dat waard moandei bekend, doe't de organisaasje fan de canon de ynhâld bekend makke. Yn de Canon fan Nederlân steane fyftich wichtige tema's oer de skiednis fan ús lân. It giet bygelyks oer taal, keunst, kultuer, polityk en wittenskip.

It Keninklik Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

It Eise Eisinga Planetarium stie al yn de foarige canon. Direkteur Adrie Warmenhoven is út de skroeven dat it planetarium der op 'e nij yn stiet. "Dit steunt ons enorm in ons werk, omdat schoolkinderen nu allemaal over ons lezen. Dat scheelt enorm. Als je weet dat de nieuwe canon weer tien jaar geldt, dan hoop je van harte dat het planetarium er niet uit wordt gehaald."

Lobby foar Unesco

Der is foarsichtich lobbyd om yn de canon te bliuwen, fertelt de direkteur. "We hebben mensen die betrokken zijn bij de samenstelling van de canon voorzichtig laten weten dat dit erg belangrijk is in onze race om in aanmerking te komen voor de Unesco Werelderfgoedlijst. Je moet laten zien dat je onderscheidend bent, dan is dit wel heel behulpzaam."

Mear jild krijt it museum net no't se op 'e nij yn de canon stean. "Het betaalt zich vooral terug in bekendheid", seit Warmenhoven. "Neem onze afleveringen in het Klokhuis. Zelfs in de persconferentie van de minister verscheen ons planetarium."

Klear foar besikers

It planetarium is hielendal coronaproof foar nije besikers. "We merken dat het goed loopt", fertelt de direkteur. "Afgelopen weekend zaten we heel dicht tegen het maximaal aantal bezoekers van 200 aan. Bij ons is de planetariumkamer heel essentieel. Op basis daarvan hebben we onze capaciteit berekend. Daar mogen tien personen tegelijkertijd in."

Adrie Warmenhoven fan it Eise Eisinga Planetarium

De Canon fan Nederlân bestiet sûnt 2006 en wurdt om de tsien jier oanpast. Der binne fyftich nije ûnderwerpen útkeazen foar de canon fan 2020, wêrûnder dus it Eise Eisinga Planetarium. De Canon wurdt brûkt yn it Nederlânske ûnderwiis. Hjir kinst de nije Canon fan Nederlân alfêst besjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)