GGD Fryslân: "We verwachten geen tweede grote coronagolf"

22 jun 2020 - 12:23

It liket der sterk op dat we it coronafirus ûnder kontrôle hawwe: de lanlike sifers oer besmettingen, stjergefallen en sikehûsopnamen binne hieltiten faker op de fingers fan twa hannen te tellen. En yn Fryslân sels op ien hân. Ek by GGD Fryslân binne se optimistysk. "Vooral op de korte termijn verwacht ik niet dat we een grote golf krijgen", seit dokter Everhard Hofstra fan de GGD Fryslân. "We testen zo veel mensen, dat we gevallen meteen in beeld hebben en we het brandje zo snel mogelijk kunnen blussen."

GGD Fryslân: "We verwachten geen tweede grote coronagolf"

It RIVM seit dat it der op liket dat we sa no en dan ris in útbraak krije. Dêr is Hofstra it mei iens. "We hebben de afgelopen vijf dagen geen nieuwe positieve gevallen genoteerd. Dat is een gunstig teken. Je ziet dat de verspreiding behoorlijk laag is."

Ferromming fan maatregels

Dochs betsjut dat net dat wy ús yn Fryslân net langer sa strang hoege te hâlden oan de coronamaatregels, seit Hofstra mei klam. "We moeten terughoudend zijn in de versoepeling van maatregelen, omdat je niet zeker weet waar gevallen opduiken. Maatregelen die we gemakkelijk kunnen nemen ,moeten we toch zo veel mogelijk uitvoeren. Juist daardoor is de kans om versoepeling groter."

Sifers fan skoallen

Dochs binne der ek noch in soad twivels en fragen oer bygelyks de coronasifers op skoallen. Fakbûnen kleie dat net dúdlik is op hoefolle skoallen gefallen ûntdutsen binne. Dat is net wier, leit Hofstra út. "Iedereen die getest wordt, vragen we naar zijn of haar beroep. We hebben daardoor prima zicht op het onderwijs en zeker bij bron- en contactonderzoek kijken we goed naar aanvullende maatregelen. Het kan zijn dat het RIVM niet helemaal zicht heeft op die cijfers per school, maar dat hebben we bij de GGD zeker wel."

Everhard Hofstra fan GGD Fryslân

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)