Twivel soarget foar te min recyclejen fan ôffal

Yn Fryslân smite wy mar de helte fan al it ôffal dat recycle wurde kin yn de juste kontener. Dat docht bliken út in ûndersyk fan ûndersyksburo OnePoll. Ut it ûndersyk docht bliken dat der noch flink wat winst te heljen falt as it giet om it op 'e nij brûken fan ús ôffal.
Offalskieding © Omrop Fryslân
Mar leafst 81 prosint fan de ûnderfrege Friezen jout oan dat se harren ôffal yn de grize kontener smite, om't se twivelje oft it wol of net recycle wurde kin. Benammen op it mêd fan ynformaasje op de ferpakking kin noch in soad ferbettere wurde, konkludearret it ûndersyksburo.