Plysje set foto's fan stellen sloepen online

De plysje hat op harren webside foto's setten fan seis sloepen dy't yn april en maaie dit jier stellen waarden. Yn totaal waarden der njoggen boaten stellen, mar fan seis is noch altyd ûnbekend wêr't se krekt bedarre binne. It giet om sloepen út Jutryp, Wâldsein, Vleuten, Zeewolde, Kampen en Dirksland.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Op de plysjewebside steane foto's en is beskreaun om hokker type boat it krekt giet. Ek stiet oanjûn wannear't de sloep stellen is. Doel is dat minsken dy't de sloep herkenne har melde by de plysje.