Feanster skoalle docht mei oan lanlike proef fleksibele fakânsje

In skoalle op It Hearrenfean docht mei oan in lanlike proef dêr't learlingen bûten de gewoane fakânsjes om fakânsje opnimme kinne. De Buitenkans is ien fan de tweintich basisskoallen dy't de kommende fiif jier meidogge oan de proef fan it Ryk. Doel is ferbettering fan de kwaliteit fan it ûnderwiis.
© De Buitenkans
In skoaljier hat fyftich leswiken en dat bliuwt sa. Nij is it sels yndielen fan de 975 oeren ferplichte lestiid. Foarhinne telden de oeren yn de reguliere skoalfakânjes net as ûnderwiistiid, mar no wol. Learlingen kinne frij nimme as se dêr ferlet fan hawwe. Dat kin ek ien dei yn de wike wêze, mar net in diel fan de dei. As de bern nei skoalle gean, moatte se der wol wêze fan njoggen oant healwei trijen.

Der gau by wêze

Direkteur Theo Ritsma fertelt dat syn skoalle hiel graach meidwaan woe oan it eksperimint. In minút nei de iepening fan de ynskriuwproseduere wie de oanfraach fan De Buitenkans al opstjoerd. It wurket neffens it prinsipe 'dy't it earst yn de roef is, hat kâns fan plak' en sadwaande sit de skoalle no by de tweintich proefskoallen.

Mear wurk foar ûnderwizend personiel

De skoalle is fyftich wiken yn in jier iepen en dêrom moat it personiel langer wurkje. Mar omdat de learlingen de frije dagen ferspraat opnimme, binne der minder bern tagelyk op skoalle. It ûnderwizend personiel stiet foar in lytsere groep en dat jout mear rêst, neffens de direkteur. De ûnderwiisresultaten fan de bern moatte dield wurde by wize fan kontrôle. De âlden binne ek entûsjast oer it eksperimint, seit de direkteur.
De proef mei de fleksibele fakânsjes giet yn op 1 jannewaris takom jier.
Theo Ritsma fan De Buitenkans