Flaaksrûte yn Noardeast-Fryslân wer fan start

De Flaaksrûte yn Noardeast-Fryslân is wer iepen. Inisjatyfnimster Nynke Runia yn Blije fernimt net safolle fan de coronamaatregels. "Minsken bliuwe net fuort. In hiel soad minsken gean op de fyts by de rûte del. Fernimst dat se wer genietsje wolle fan de omjouwing."
Flaaksrûte yn Noardeast-Fryslân wer fan start
De Flaaksrûte liedt minsken by flaaksfjilden del yn Marrum, by de tekstyldrukkerij yn Blije en it flaaksmuseum yn Ie. De rûte is tritich kilometer lang en fertelt it ferhaal fan it ferbouwen fan flaaks oant en mei it einprodukt.
"Fan flaaks giet eins neat ferlern", fertelt Runia. "It wurdt ek wol yn de autoyndustry brûkt foar it meitsjen fan dashboards. Mar it wurdt ek brûkt foar fytsen en fynst it sels yn hystestâlen yn stee fan strie." Runia brûkt it flaaks sels om der klean fan te meitsjen.
Inisjatyfnimmer Nynke Runia
It plan foar de Flaaksrûte ûntstie yn it Kulturele Haadstêd-jier yn 2018. It projekt krige dêrnei in ferfolch en is dit jier foar it tredde jier op rige iepen. Runia is wiis mei alle minsken dy't harren ynsette om besikers sjen te litten hoe bysûnder oft flaaks is. "It wurdt fanút it ferline brûkt foar ferskate tapassingen, lykas it flechtsjen fan einekuorren. Dêr komme hieltyd mear tapassingen by. Sjochst no ek dat flaaks as biologyske boustof hieltyd faker brûkt wurdt yn de bousektor", fertelt Runia grutsk.
It is heech tiid dat it geitewollesokke-imago fan flaaks ôfgiet, fynt Runia. "It is sa'n prachtich produkt. Dat soe folle mear ferboud wurde moatte."
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Ferslachjouwer Jeroen Boersma ûntdekt de ferskate tapassingen
De start fan de flaaksrûte wie op 20 juny. Alle sneonen binne minsken fan herte wolkom om de flaaksrûte te fytsen. De lêste flaaksdei is sneon 1 augustus. Net alle lokaasjes binne alle kearen iepen. Sadwaande it advys om op de webside te sjen wannear't der demonstraasjes binne.