Kollum: "Frysk is gjin sykte"

22 jun 2020 - 08:33

"Opskuor foarige wike oer de sportpodcast fan Omrop Fryslân, wêryn't technysk manager Gerry Hamstra fan sportklup Hearrenfean te gast wie. Gerry prate Nederlânsk, ús sportferslachjouwers Frysk. En dat koe echt net, fûnen ferskate harkers. It wie asosjaal om stûf Frysk te praten, wylst ús gast Hollânsk prate. Wy hienen ús ferbrekke moatten. Want Frysk prate mei in Hollanner, dat kin echt net.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

It is in diskusje dêr't my it hier rjocht fan oerein stean giet. Ik bin der sa klear mei dat it Frysk noch altyd sjoen wurdt as mindere taal as it Hollânsk. Wêrom moatte wy Friezen ús altyd ferbrekke, oanpasse en sels ekskuzes oanbiede foar it brûken fan ús eigen taal? Krekt as misdrage wy ús troch ús memmetaal te brûken. Ik begryp dêr werklik neat fan. Hielendal net as wy kommentaar krije op it brûken fan it Frysk by Omrop Fryslân. Soademiterje dochs in ein op.

Wat in soad fan dizze krityske minsken kenlik net begrypt, is dat in taal ús as minsken bynt, mear as wat foar middel ek. Ik fernim yn myn wurk dat it praten fan deselde taal fuortendaliks in bân skept. Hielendal no't ik elkenien belje moat yn stee fan dat ik se sjoch. Dus freegje ik fuortendaliks yn it begjin fan it petear oft de persoan oan de oare kant fan de line Frysk is. Sa ja, dan dogge wy it petear steefêst yn it Frysk. Sa nee, dan yn it Hollânsk.

Yn de measte gefallen kin ik oan de wize fan praten al wol hearre oft immen Frysk is. Mar ik sit der ek wolris njonken. Lêstendeis hie ik in frou oan de telefoan dy't mei in modderfet Frysk aksint prate. Dus ik tocht dat se fêst Frysk wêze soe. Nei de earste sinnen frege ik har oft se miskien ek op it Frysk oergean woe. 'Ik spreek geen Fries en ik versta het evenmin. Dus ik weiger om in het Fries met u te praten', sei se pinnich. Ik stie mei de bek fol tosken. En eins wie 'k fuortendaliks wol klear mei dit petear.

Ik snap dy denigrearende hâlding fan sokke net-Friezen net. Wêrom sa negatyf dwaan oer ús taal? Wy wolle jim net bekeare of sa. Dat wy by de doarren delgean om jim oan te trúnjen om it Frysk te brûken. Sterker noch: wy eamelje net iens as jim der gjin kloaten fan ferstean en skeakelje muoiteleas oer op it Hollânsk. Dus wêrom dan sa'n stikelige reaksje? Wêrom my it gefoel jaan as ha ik jim beledige troch te freegjen oft jim Frysk prate? It is gjin sykte ofsa.

Ik tink der hieltyd faker oer nei. Wat is dat mei ús Fryske taal dat guon minsken dêr sa fûl op reagearje? Is it in foarm fan jaloezy? Jout it minsken it gefoel dat se bûtensluten wurde? Is it in kwestje fan koppigens om stûf fol te hâlden dat Frysk gjin folweardige taal is? Ik wit it net en ik snap it al hielendal net.

Dus oan al dy minsken dy't it asosjaal fan ús fine dat wy stûf Frysk prate tsjin Gerry Hamstra, de fraach om it ris om te draaien. Is it net prachtich dat wy elkenien by de Omrop de romte jouwe om har of syn eigen taal te brûken? Gerry it Hollânsk en wy it Frysk. En wy ferstean inoar prima. Want dêr giet it úteinlik om. Dat wy elkoar ferstean en wichtiger noch, dat wy nei elkoar lústerje. Miskien soenen mear minsken dat ris dwaan moatte."

(advertinsje)
(advertinsje)