Ferskate nachtlike brannen yn Fryslân

22 jun 2020 - 06:16

Op meardere plakken yn Fryslân hat yn de nacht fan snein op moandei brân west. Yn Drachten gie it om in brân yn in hûs oan Het Diep. De bewenner moast der troch de brânwacht úthelle wurde, mar rekke net ferwûne. De brân wie ek gau ûnder kontrôle.

Foto: Jaring Rispens

Yn Kimswert wie der in brân yn in skuorre. Dy is folslein ferlern gong. En yn Bûtenpost gie in camper folslein ferlern by in brân. Dêr wurdt rekken hâlden mei brânstifting.

(Advertinsje)
(Advertinsje)