Monumint foar 75 jier frijheid op De Jouwer fernield

Op De Jouwer is yn de nacht fan sneon op snein in oarlochsmonumint fernield. It monumint lei der noch mar sûnt 4 maaie fan dit jier en bestiet út twa platen: op de iene de frijheidsfakkel, op de oare '75', beide makke fan tûzenen stientsjes. Dy stientsjes binne no allegear fan it plak.
"Ik tink dat it dronkemanswurk west hat", seit Jan Vermaning, foarsitter fan Stichting Nationale Herdenking Joure, "Ik kin mysels net foarstelle dat der wat oars efter sit." It monumint wurdt no opromme, it is neffens Vermaning net mear te meitsjen. Hy docht oanjefte by de plysje.

Boadskip jaan

Vermaning tinkt net dat se derachter komme wa't it dien hat, mar troch oanjefte te dwaan wol hy wol it boadskip jaan dat dit net kin. "Wy hoopje echt dat dejinge dy't dit dien hat, spyt krijt. Dit moat echt in learmomint wêze yn syn of har libben. Mar it monumint krije wy dêr net mei werom." Dochs bliuwt Vermaning optimistysk oer sok soart kwetsbere keunstwurken. "It is itselde as mei bushokjes: se binne maklik te fernielen. As jo neat mear dogge, moatte jo de hiele wrâld keal meitsje."

Bysûndere keunstwurken

It monumint is earder dit jier makke troch scoutingsleden fan de Jouster Borgergroep yn gearwurking mei de Stichting Nationale Herdenking Joure, yn it ramt fan 75 jier frijheid. Se hiene de wite en kleure stientsjes sammele en op it goede plak dellein. It monumint lei sûnt 4 maaie yn it parkje Ter Huivra yn it sintrum fan De Jouwer. Op in lytse hûndert stientsjes stie in boadskip fan Jousters.
Jan Vermaning oer de fernielde keunstwurken