Man (67) moat motorrydbewiis by earste ritsje alwer ynleverje

21 jun 2020 - 18:16

In man fan 67 jier út Achtkarspelen is by syn earste ritsje op de motor direkt syn rydbewiis kwytrekke. Hy ried sechstich kilometer te hurd by in laserkontrôle yn Aldwâld.

Net de motor út it ferhaal - Foto: Shutterstock.com

Op de N358 by Aldwâld is 80 kilometer yn de oere de maksimumsnelheid. De man út Achtkarspelen waard lasere mei 145 kilometer yn 'e oere. Hy hie pas in pear dagen syn motorrydbewiis en dit wie syn earste kear derop út, sei er tsjin de plysje.

By deselde kontrôle waarden ek noch twa oare bestjoerders pakt dy't 32 en mei 36 kilometer yn 'e oere te hurd rieden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)