Heakkekrusen kladde op Starumer restaurant, eigeners dogge oanjefte

21 jun 2020 - 21:21

Ien of meardere ûnbekende persoanen hawwe mei ferve heakkekrusen kladde yn Starum. Op de houten wanden fan restaurant It Alde Hearehûs stean twa heakkekrusen. De eigeners ha gjin idee wêrom't ien dit dien hat. "We hebben geen idee. Tot nu toe gaat alles super hier in Stavoren."

Heakkekrusen op de bûtenkant fan It Alde Hearehús - Foto: Stavers Krantsie

It restaurant is sûnt febrewaris yn hannen fan Hans Kruidhof. Syn soan Bas runt it restaurant mei Bodhi Niermans. Bas waard sneintemoarn belle troch de buorfrou. Hy hat sels oant in oere as 3.00 nachts oan it wurk west, dus it moat bard wêze tusken 3.00 en 8.00 oere sneintemoarn. De kwaste lei der noch by, seit Bas Kruidhof. Fan in dronkemansaksje kin dêrom gjin sprake wêze. "Je gaat niet met een kwast op stap."

Ofdutsen mei flagge fan Starum

De heakkekrusen binne mei terpentineferve oanbrocht, dus net maklik skjin te meitsjen. De jonges ha no earst in grutte Starumer flagge oer de heakkekrusen hinne hongen. "In Stavoren zijn veel Duitse gasten, die wil je dit beeld besparen."

Gjin idee wêrom

Kruidhof hat gjin idee wa't derefter sitte kin. It feit dat de eigeners út Grinslân komme, kin neffens Kruidhof gjin reden wêze foar de heakkekrusen. "Als Groningers zijn we in Friesland met open armen ontvangen. Dat kon niet beter. We hebben geen klachten gehad, iedereen weet dat we keihard werken, we waren net klaar met schilderen eigenlijk." Oft it te krijen hat mei it feit dat Bodhi heal-Yndiaask is, kinne se har ek net foarstelle.

Kruidhof hat oanjefte dien by de plysje. "Ik zag dat er verderop in Bakhuizen ook een auto beklad is, dus misschien is er een verband."

Eigener Bas Kruidhof fan It Alde Hearehûs yn Starum

(advertinsje)
(advertinsje)