Fryske en Europeeske jongeren meitsje film oer absurde coronatiid

21 jun 2020 - 12:00

Wat helpt dy om dizze bizarre tiid troch te kommen? Wêr makkest dy soargen om, of miskien krekt net? Wat wolst efter dy litte en wat wolst seker meinimme nei de takomst? Mei dy fragen waarden jonge muzikanten en filmmakkers út hiel Europa op 'en paad stjoerd om mei-inoar in film en soundtrack te meitsjen oer de coronatiid. De online premjêre fan de film 'Rebels with a Cause' is sneintemiddei om 13.00 oere op Facebook.

Rebels with a cause - Foto: Ruben van Vliet

De Organisatie van Muziekverenigingen Friesland (OMF) hie de lieding yn it Europeeske jongereinprojekt. Doel is dat Europeeske keunstners en kultuermakkers harren ynsette foar ynklusiviteit fan de mienskip. Kultuer wurdt dêrby ynset as middel. Foar de ynternasjonale Make Music Day 2020 wurken 65 jongeren út Litouwen, Slovenië, it Feriene Keninkryk, België, Slowakije, Grikelân en Nederlân gear oan it online projekt.

Ynternasjonale útwikselings

"In het culturele hoofdstadjaar Leeuwarden Fryslân 2018 zijn veel internationale samenwerkingen tot stand gekomen die heel vruchtbaar zijn gebleken. Dat heeft OMF gestimuleerd om buiten de grenzen van de eigen provincie te denken en voor de Friese HaFaBra-wereld onbekende wegen in te slaan. Rebels with a cause is een goed voorbeeld van een project waar jongeren elkaar internationaal kunnen ontmoeten en ervaringen kunnen uitwisselen", fertelt Jan-Willem van Kruyssen fan OMF.

De premjêre fan Rebels with a Cause is snein 21 juny om 13.00 oere op it online kanaal fan Leeuwarden-Fryslân 2028.

(advertinsje)
(advertinsje)