Rebûlje op Flylân: dit jier gjin deitoeristen fan Teksel

21 jun 2020 - 19:24

Der wurde dit jier gjin deitoeristen ferfierd fan Teksel nei Flylân. De nije eigener fan de Vliehors Expres, Aant van der Veen, wol de deitoeristen net langer by it Posthuys ôfsette om't hy fynt dat hy dêr tefolle jild foar betelje moat. Dêrop hat de rederij oanjûn gjin saken mear dwaan te wollen mei Van der Veen. It gefolch is dat it deitoerisme tusken de beide eilannen no stil leit. De feartsjinst tusken Teksel en Flylân fart wol gewoan.

De Vliehors Expres - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Van der Veen naam begjin dit jier de Vliehors Expres oer. Hy hie yn it foar al kontakt socht mei de eksploitanten fan it Posthuys om te kommen ta ôfspraken. Van der Veen: "Dat zingt al snel rond op een eiland. Eerst leken de signalen goed, maar toen we de Expres hadden en afspraken wilden maken kwamen ze met een absurd hoog bedrag dat we moesten betalen voor het gebruik van de grond."

Dat koe neffens Van der Veen lang net út. "Voorheen werd er niets gerekend. De mensen die je meeneemt drinken en eten altijd wel wat", seit Van der Veen. De eigners fan it Posthuys ha in oar ferhaal. Thomas Hacke leit út: "We hebben altijd gezegd dat als er een andere eigenaar zou komen de afspraken aan zouden worden gepast. Wij hebben nooit gesproken over geld, sterker nog, ik heb na half april geen contact meer met Van der Veen gehad."

'Misbrûk fan monopoly'

Van der Veen hat besocht om mei de eksploitanten fan Waddenveer De Vriendschap fan Teksel ôfspraken te meitsjen oer it ferfieren fan deitoeristen. De Vliehors Expres soe dan op in oar plak stiltsean en de deitoeristen koenen dan fergees mei de bus fan Arriva nei it doarp om dêr in fyts te hieren. Mar dêr woe it Waddenveer neat fan witte.

Dirk Albert Blom fan De Vriendschap: "We doen al 35 jaar zaken met het Posthuys. Daar gaan we niet zomaar afscheid van nemen." Neffens Blom misbrûkt Van der Veen syn monopoly mei de Vliehors Expres: "Hij komt er als nieuw bedrijf en wil alle afspraken veranderen. En dan ook niet meer naar het Posthuys. Dan is het jammer."

It Posthuys - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Van der Veen tinkt dat der wat oars oan de hân is: "Ik begrijp dat ze (Posthuys en Waddenveer de Vriendschap red.) zelf geprobeerd hebben de vergunning voor het rijden op het strand in handen te krijgen." Bolt fan it Waddenveer lit dêr neat oer los. Wol dat it takom jier oars giet: "Dan is er een oplossing. We hebben de burgemeesters van beide eilanden er al over gesproken. Dit jaar gaat er niets veranderen, we moeten even op de blaren zitten." Hacke fan it Posthuys befêstiget dat se sjogge nei takom jier. Hy freget him ôf wêrom't der eins mar ien partij dat stik oer de Vliehors ride mei.

Van der Veen fan de Vliehors Expres hat it dreech: "We hadden echt iets anders voor ogen toen we het overnamen. Eerst corona en dan nu dit. Dit is een nachtmerrie aan het worden." Hacke fan it Posthuys jout al in iepening. Neffens him kin it allegear noch bêst oars. "Als hij nu zou komen en zou zeggen dat hij baalt van de hele situatie en zich er niet goed bij voelt dan gaan we gewoon praten. Dan kijken we vooruit, naar volgend jaar. Dan gaan we alles evenredig verdelen. Het is echt geen gesloten boek. We willen alleen alles wel duidelijk op papier."

Boargemaster Schokker

Boargemaster Tineke Schokker fan Flylân lit witte dat der petearen west ha, mar dat it in saak is fan de ûndernimmers.

Reportaazje fan ferslachjouwer Hayo Bootsma oer de Vliehors Expres

(advertinsje)
(advertinsje)