Universiteit Wageningen sjocht brea yn Fryske stâlflier

21 jun 2020 - 09:30

De universiteit fan Wageningen sjocht brea yn de emisje-earme stâlflier fan it bedriuw A&S Techniek út Burgum. De flier, dy't in pear jier lyn útfûn is troch eigener Anne de Boer fan A&S, bestiet út rubberen tegels dy't de jarre trochlit wylst de stront der op lizzen bliuwt. Dy stront wurdt nei bûten skood en dêr mei strie fermongen.

Neffens De Boer nimt de emisje fan ammoniak dêrtroch mei hast 80 persint ôf. De flier leit al op ferskate plakken, wêrûnder it bedriuw fan de famylje Nauta yn Easterwierrum. Dizze simmer wurdt de flier ek pleatst op de proefbuorkerij Dairy Campus yn Ljouwert, dat oan Wageningen ferbûn is.

Yngenieur Paul Galama fan de universiteit fan Wageningen docht ûndersyk nei emisje yn stâlen, en is ek belutsen by it projekt. "Wy binne yn kontakt mei it ministearje en de boere-organisaasjes om metaan- en ammoniakemisjes werom te bringen. Mei fliersystemen dy't je tapasse kinne yn besteande stâlen, sadat in grut tal boeren der gebrûk fan meitsje kin", seit Galama.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Paul Galama fan Universiteit Wageningen

Probleem net ferpleatse

Neist de flier fan De Boer wurdt ek ûndersyk dien nei oare oplossingen, wêrûnder in kowehúske. Uteinlik moat de hiele keten fan stikstof yn stâlen ûndersocht wurde. "Wy mjitte emisjes yn de stâl, mar je moatte it probleem net ferpleatse nei de opslach. Dus wy wolle ek ûndersyk dwaan wat dêr de stikstof- en metaanemisje is", seit Galama.

De resultaten wurde oer goed in jier ferwachte.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Sneintemoarn is yn Buro de Vries in langer petear mei Paul Galama te hearren.

(advertinsje)
(advertinsje)