Plysje manmachtich nei fjochtpartij yn Noardwâlde

21 jun 2020 - 08:32

De plysje is sneontejûn massaal útriden nei in fjochtpartij yn Noardwâlde. Neffens de melder soe in grutte groep minsken yn de Pitrietstrjitte mei elkoar op de fûst gien wêze. De plysje kaam dêrom mei njoggen auto's, wêrûnder in hûne-begelieder, nei it plak fan de eskalaasje ta.

Plysje rukte manmachtich út - Foto: Kappers Media

It bliek úteinlik om in groep fan fjouwer minsken te gean, dy't mei inoar oan it fjochtsjen wie. Om't buertbewenners yngriepen, like it krekt oft in hiele groep mei inoar op 'e fûst gien wie. De helptsjinsten dy't ek te plak wienen, hoegden gjinien te behanneljen. Wat krekt de oanlieding wie foar de fjochtpartij, is net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)