Twa minsken ferwûne by auto-ûngelok yn Snits

21 jun 2020 - 08:09

Twa minsken binne sneontejûn yn Snits licht ferwûne rekke nei in iensidich ûngelok. Op de Top botste in auto tsjin in beam. De bestjoerder en de byrider rekken beide ferwûne. De twa binne troch ambulânsepersoniel neisjoen, mar hoegden net nei it sikehûs. Hoe't it ûngemak krekt barre koe, is net dúdlik. Neffens tsjûgen soe de man te hurd riden hawwe, mar de plysje koe dat net befêstigje.

De auto bedarre tsjin in beam - Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
ûngelok Snits beam
(Advertinsje)
(Advertinsje)