FIDEO: Trije reinbôgeflaggen wapperje by provinsjehûs

20 jun 2020 - 17:15

Op it provinsjehûs yn Ljouwert wapperje sûnt dizze sneon mar leafste trije reinbôgeflaggen. De flagge is it symboal foar de akseptaasje fan de LHBTI-mienskip. Fryslân is de lêste provinsje yn Nederlân dy't de flagge yn top hinget.

FIDEO: Trije reinbôgeflaggen wapperje by provinsjehûs

Yn de Fryslân DOK 'Us Rainbow Warrior' sjogge wy de striid fan Sipke Jan Bousema om de polityk safier te krijen.

Sneon 20 juny, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 21 juny 13.10 oere)
Snein 21 juny, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(Advertinsje)
(Advertinsje)