Kick Out Zwarte Piet-lieder Afriyie ûntfangt driichbrief ûndertekene troch Pegida Noord

Kick Out Zwarte Piet-aktivist Jerry Afriyie hat in driichbrief ûntfongen dy't ûndertekene is troch Pegida Noord. Yn de brief wurdt Afriyie sels bedrige en ek syn frou, bern en oare famylje.
Jerry Afriyie by de Black Lives Matter-demonstraasje yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De aktivist dielde de brief op sneontemiddei op Twitter. "We gaan de volgende fase in", skriuwt Afriyie. "Mijn gezin wordt bedreigd, omdat ik samen met anderen tegen racisme strijd." Afriyie wie ôfrûne wike ek oanwêzich by de Black Lives Matter-demonstraasje yn it Rengerspark yn Ljouwert.
Afriyie fiert al jierren aksje om Swarte Pyt ôf te skaffen. De briefskriuwer ferwiist der ek nei. "Vieze, smerige, vuile, zwarte Kick Out Zwarte Piet-leider, we zijn jou en jouw organisatie spuugzat!!! Ga terug naar je smerige rotland met alleen maar zwarte apen! Blijf van onze cultuur af. We staan klaar voor jou en gaan je overal bestrijden rond Sinterklaas en niet alleen dan", is ûnder mear te lêzen yn de brief.

Pegida nimt ôfstân

Pegida Nederlân, in beweging dy't har ûnder mear ferset tsjin de 'islamisearring' yn Nederlân, hat op harren Facebookside ôfstân naam fan de brief. "Hoe wij ook met Jerry Afriyie van mening verschillen, wij zullen nooit dit soort laffe, bedreigende, racistische brieven aan iemand sturen!", skriuwt de organisaasje.
De plysje fan Amsterdam docht ûndersyk nei de brief.