Fytster ferwûne nei botsing mei skodder by Garyp

20 jun 2020 - 16:19

Op de Iendrachtswei by Garyp is sneontemiddei in frou ferwûne rekke nei't se yn botsing kaam mei in skodder efter in trekker. De frou waard mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

De trekker mei de skodder - Foto: De Vries Media

De frou waard ynhelle troch de trekker, mar hie nei alle gedachten net troch dat der noch in skodder efter de trekker siet. De frou foel dêrtroch en rekke ferwûne.

De plysje kaam te plak om it ûngemak op papier te setten. De fyts en de skodder rûnen by it ûngemak hast gjin skea op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)