Centre Squash Drachten iepenet beachsportarena: "De rek wie der út"

Centre Squash Drachten mei troch de coronamaatregels de doarren pas op 1 july iepenje, mar hat wol in alternatyf: it parkearterrein is no in beachsportarena.
© Facebook Centre Squash Drachten
Om de arena klear te meitsjen moast der aardich wat sân komt, fertelt Sipke Wiersma. "Sa'n 360 kúb sân, wat oerienkomt mei 17 frachtweinen." Op de baan kinne ferskate sporten dien wurde. "Eins alles wat je op it sân dwaan kinne kwa sport. De 'hoofdmoot' is beachfollybal, beachtennis en speedminton of crossminton."

'De rek wie der út'

Wiersma kocht it sportsintrum doe't de coronakrisis krekt útbruts. "Yn dizze bysûndere tiid ha wy der dochs foar keazen it oer te nimmen. Eins flak foardat corona útbruts wiene wy it iens mei de ferkeaper. Doe wie it wol efkes twiveljen."
Sy setten troch, mar krigen al gau min nijs. "Wy krigen op in geven momint de genedeslach fan Rutte dat it 1 septimber wurde soe. Ien of twa moannen is noch wol te oerbrêgjen, mar op in geven momint is de rek der út. Doe ha wy tocht: wat kinne wy dan dwaan? En binnen in pear dagen lei der sân."
De reaksjes binne oant no ta tige posityf, seit Wiersma. "Elkenien is hiel bliid om tegearre wer wat te dwaan, of it no efkes in pilske drinke is hjir op it terras of mei-inoar sporte." De beachsportarena bliuwt noch oant en mei augustus lizzen.
Sipke Wiersma fan Squash Centre Drachten