Alvestêdetocht mei antike trekkers oansjoen foar boereprotest

In groepke trekkerleafhawwers lûkt dizze sneon op antike trekkers troch de provinsje. Yn Ljouwert kaam de plysje al efkes te ynformearjen oft se mei in boereprotest dwaande wienen. Dat wie net sa. "We dogge de alvestêdetocht", koe Maurice, ien fan de dielnimmers, oan de plysjeman sizze.
© Maurice
Fanwegen de coronamaatregels gie de offisjele Alvestêdetocht foar trekkers dit jier net troch. En ek de eveneminten geane oer dêr't se oars hinne soene. "Doe betochten we dat it mar in eigen alvestêdetocht ride soenen, mei in lyts groepke en op oardel meter dwaan."
Se binne om 7.00 oere fuortgien út Tsjom wei en Frjentsjer en Harns hawwe se al hân. "Doe binne we nei boppen gien en fia Dokkum no sitte we yn Ljouwert lekker wat te iten. We ride mei 18 antike trekkers en dat lûkt wol wat bekijks ûnderweis."
Se ride sa'n 23, 24 kilometer yn de oere. Se wolle de hiele tocht yn ien dei en ride nei it iten it ûnderste stik fan de rûte. Se tinke om in oere as acht werom te wêzen yn Tsjom. "It is moai waar, en it is gesellich."