UPDATE: Plysje fynt lichem fan fermiste swimmer by De Lemmer

20 jun 2020 - 22:33

Op 'e Lemmer is sneontejûn it lichem fan de fermiste swimmer fûn. De 51-jierrige man wie sûnt 13.00 oere fermist. Hy wie te swimmen gien, maar kaam net mear werom.

Sykaksje op De Lemmer nei fermiste swimmer

De KNRM hat mei rêdingsboaten fan De Lemmer en Urk op de Iselmar oan it sykjen west nei de man. De kustwacht hie in fleantúch en helikopter ynset en op it strân fan De Lemmer wie de brânwacht oanwêzich.

Om 15.00 oere waard de sykaksje troch de KNRM en de brânwacht staakt. De plysje hat de sykaksje mei in sonarboat oernaam. De plysje giet der doe al fanút dat de man net mear yn libben wie.

De plysje tinkt dat de man nei alle gedachten net swimme koe en sprekt dan ek fan in tragysk ûngemak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)