Carmen Peper wol ljocht yn tsjusternis bringe mei har technomuzyk

20 jun 2020 - 13:00

Safolle froulike dj's binne der net, mar Carmen Peper út Ljouwert timmeret flink oan de wei. Har spesjaliteit is hardstyle techno.

Foto: Omrop Fryslân

"De nieuwe techno die ik draai heeft een melodisch kantje, waarmee je echt een verhaal kunt vertellen in je set", fertelt Carmen.

Se gie as jong famke al mei har âlden nei festivals. "Ze hebben me de scene laten zien. Vroeger was techno heel duister en nu is er een nieuwe stroming. Ik wil een combinatie maken en zo licht in de duisternis brengen, dat mensen hoop krijgen. Het is een rollende baslijn met harde kicks en daardoor heen zweefmuziek."

It moaiste fynt se it as se sjocht dat it publyk deryn opgiet. "Als mensen gaan knuffelen, dan denk ik, ja ik heb het gemaakt."

DJ Carmen Peper

Aldehou

Optrede foar publyk kin no net yn dizze coronatiid, mar dêr hat se in oplossing op betocht. "Andere dj's streamen live, maar omdat dat vanuit mijn woonkamer te doen. Ik wilde iets anders en het leek me vet om op de Oldehove te staan. Dat vond de torenwachter ook een fantastisch plan, maar we mogen nu de toren niet op in deze tijd."

Doe hat se wat oars dien. "Ik heb een set opgenomen op het dak van mijn ouders, die vlakbij de Oldehove wonen, dus die staat er alsnog op." Se is fan doel om in rige mei 'rooftop'optredens te meitsjen. "Op andere plekken in Friesland, want hier liggen mijn roots."

It konsert is online te sjen en komt sneontejûn 20.30 op it YouTubekanaal fan Carmen Lisa.

HEA! makke earder alris in reportaazje oer Carmen:

HEA! DJ Carmen Lisa

(Advertinsje)
(Advertinsje)