Trio mei fjoerwapen yn auto oanhâlden by Griene Stjer by Ljouwert

Trije jongelju út Noardeast-Fryslân binne freedtejûn yn de Griene Stjer by Ljouwert troch de plysje út har auto helle. De plysje brûkte dêrby it wapen. In tsjûge hie de jongelju sjoen mei in fjoerwapen yn har auto yn it natoergebiet.
Plysjepet © Shutterstock.com
It trio fan 20, 21 en 25 jier is út de auto helle. Om't der in buks yn de auto lei, binne se behannele as fjoerwapengefaarlike fertochten. Se waarden ûnder skot holden troch de plysje doe't se út de auto helle waarden.
De trije krigen in proses-ferbaal.