Hynstesport komt wer op gong, mar wedstriden meie noch net

20 jun 2020 - 12:40

Foar it earst yn moannen wurdt der dizze sneon wer dressuerriden by hynstestâl De Hameren yn Froubuorren. Net sa't de dielnimmers wend binne, want ek yn de hynstesport jilde coronamaatregels. Der meie yn Nederlân noch gjin wedstriden riden wurde en derom ha se it sneon dan ek net oer in wedstriid, mar oer in saneamd mjitmomint.

Hynstesport komt wer op gong, mar wedstriden meie noch net

Annigje Tolman fan KNHS Fryslân is bliid dat de hynstesport wer op gong komt. Mar dat bart wol op in hiel oare wize as foar de coronakrisis. "Dit is hiel oars as dat wy allegear wend binne, it is fantastysk dat it wer begjinne mei. Dêr libbet elkenien wol nei ta. Dit is stap ien, hjir moatte we earst mar bliid mei wêze."

Troch corona meie der gjin wedstriden organisearre wurde, dêrom is der sneon in saneamd mjitmomint. "It foarnaamste ferskil is dat der gjin klassemint opmakke wurdt. Se ride harren proef en krije dêr punten foar, mar der wurdt gjin klassemint opmakke of in earste plak takend," seit Tolman.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

"Normaal as wy hjir in wedstriid hâlde, is it terrein iepen en komt elkenien hjir, en hoopje wy dat sa folle mooglik minsken komme te sjen", seit Adriaan Okkema, eigener fan De Hameren. "No is it sa dat der by elke ruter ien help mei giet, en mear net."

Ynternasjonaal wol wedstriden

Yn it bûtenlân wurde al wol wer wedstriden ferriden, sa wie der ferline wike yn Dútslân sels in wedstriid mei dielnimmers út hiel Europa wei. De KNHS docht der alles oan om ek hjir wer wedstriden organisearje te meien, mar oant no is dat dus noch net slagge. Spitich, seit Okkema. "De hynstesport lient him hiel moai om alles neffens de foarskriften te dwaan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)