Sipke Jan Bousema, ús Rainbow Warrior

21 jun 2020 - 20:53

As lêste provinsje yn Nederlân hyst ek Fryslân de reinbôgeflage, as eksplisite stipe foar de LHBTI-mienskip. Yn de Fryslân DOK 'Ús Rainbow Warrior' sjogge wy de striid fan telefyzjemakker Sipke Jan Bousema om de polityk safier te krijen.

De dokumintêre oer de striid fan Bousema:

Op 27 maaie stimden 30 fan de 43 Fryske steateleden fóar de moasje om de reinbôgeflage te hisen op Coming Out Day. In oerwinning foar Sipke Jan Bousema, dy't dêr efter de skermen lang striid foar levere hat.

Yn 2016 al hie Fryslân ien fan de earste 'reinbôgeprovinsjes' wurde kinnen, mar doe stimde in romme mearderheid yn de Steaten tsjin in reinbôgemoasje. Ien fan de arguminten wie dat Artikel 1 fan de Grûnwet de gelikense behanneling fan eltsenien genôch boarget, en dat flagje foar spesjale groepen just nét winske is.

Sipke Jan Bousema - Foto: ThomasVaer Fotografie

Yn de Falentynsspesjal fan it programma 'First Dates' fertelt in emosjonearre Sipke Jan wat dy ôfwizing mei him docht. Syn heit en mem reagearren eartiids hiel goed op syn coming out en sy hawwe him altyd stipe.

Sipke Jan sjocht nei First Dates - Foto: Omrop Fryslân

Yn de Fryslân DOK 'Us Rainbow Warrior' praat Sipke Jan yn syn âlderlik hûs yn it doarpke Wyns oer de paradoks fan it 'oars mar net oars' wêzen. Dat hy no as BN'er net folle tsjinwyn ûnderfynt, mar dat jonges en famkes yn de provinsje wol ferlet hawwe fan sichtbere stipe. De sifers oer pesterijen en sels suïside meitsje dat pynlik dúdlik.

Sipke Jan Bousema en syn mem - Foto: Famyljefoto

Dokumintêremakker Annet Huisman folget Sipke Jan yn it bewurkjen fan de polityk. Wylst der op it provinsjehûs praat en praat wurdt, wachtet de praktyk net langer: by fuotbalklups Drachtster Boys en Be Quick Dokkum giet de reinbôgeflage yn top, om út te strielen dat fuotbal foar elkenien is.

De reinbôgeflage by Be Quick Dokkum - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK: 'Us Rainbow Warrior'
Sneon 20 juny, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 21 juny 13.10 oere)
Snein 21 juny, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(advertinsje)
(advertinsje)