"Bewenners soarchhuzen kinne siik wurde troch kwytreitsjen fan rezjy"

De rezjy kwytreitsje oer je libben kin minsken letterlik siik meitsje. Dat seit psycholooch Irma van Steijn. It is wat op dit stuit spilet yn in soad soarchynstellingen. Troch de coronamaatregels binne hûnderttûzenen bewenners fan ferpleech- en fersoargingshuzen gjin baas mear oer har eigen libben.
© Shutterstock
Bewenners fan soarchhuzen kinne net sels beslisse hoefolle en hoe faak se besite krije kinne, en se meie net mear sels útmeitsje oft se der even útgean en wêrhinne. Dat hat grutte gefolgen, seit Irma van Steijn. "De autonomie is weg en mensen kunnen zelf niet meer kiezen. Zeker als je ouder bent, leef je voor het contact, met name met familie."
It ferlies fan dat kontakt kin minsken slim siik meitsje. "Wat er dan gebeurt, is dat je een enorm gebrek aan oxytocine krijgt. Je krijgt een verlies van optimisme en gebrek een positiviteit. Dat leidt tot ziekte, dan moet je denken aan sterfte, hart-en vaatziekten, kanker, en je hele weerstand gaat omlaag", sa seit Van Steijn.

Fiergeande maatregels yn soarchhuzen

Guon minsken driigje no mei bygelyks rjochtsaken om de maatregels yn soarchhuzen. Van Steijn hat dêr begryp foar, seit se. "Zeker als je ziet dat ze lijden. Die groep lijdt nog veel meer omdat de kans dat ze ziek worden veel groter is."
Dat guon soarchhuzen strangere regels oanhâlde as it RIVM foarskriuwt is neffens Van Steijn in minne saak. "Dan denk ik: doe dat nou niet. Dan hou je corona misschien meer weg, maar moeten al die ouderen nou heel eenzaam blijven?"
Psycholooch Irma van Steijn