Piet Paulusma: "Earste hjitteweach komt deroan"

De kommende wike krije we simmerwaar mei simmerwaarmte en de simmersinne. "It wurdt de earste hjitteweach fan dizze simmer", seit waarman Piet Paulusma.
© Omrop Fryslân
"Dy begjint tiisdei en duorret wol oant en mei it wykein. Dêrnei krije we grif wer buien, dat kin hast net oars."
Tiisdei begjint noch mei temperatueren om de 23, 24 graden hinne, mar dêrnei rint it op.
"Woansdei, tongersdei en freed is de sinne der folop by en hawwe we temperatueren fan sa'n 27 of 28 graden. Op tongersdei fier de provinsje yn sels 29 graden. Ek de nachten binne waarm mei 17 graden. Dus we kinne lang bûten sitte."