Merkkreamen Snits nei oar plak om terrassen romte te jaan

Acht merkkreamen yn Snits binne fan dizze sneon ôf op in oar plak te finen as oars. Net fanwege de oardelmeter by de merkkream sels, mar om de terrassen yn de Wetterpoartstêd wat mear romte te jaan.
© ANP
"De terrassen krije mear romte, mar se moatte harren oan de oardel meter hâlde en ha dus ek mear romte nedich," seit wethâlder Maarten Offinga fan Súdwest-Fryslân. "Sa kinne de terrassen útwreide wurde, mar bliuwe de oantallen dus lyk."
De hoareka-ûndernimmers hâlde harren goed oan de coronaregels, seit Offinga. Dêrom ha se ek in stik minder kapasiteit. "Mar it tal plakken dat se gewoan ha, wolle wy se wer jaan." De regeling jildt foarearst oant 1 oktober, mar kin ferlinge wurde as de coronamaatregels dêr dan noch om freegje.

Sfear komt werom

Offinga is bliid dat der wer wat libben yn de stêden fan syn gemeente komt. "De sfear oer it algemien is posityf, ik bin der wiis mei dat dat werom is. Sjochst wer minsken op strjitte, de sfear komt werom, mar dan mei respekt foar dy oardel meter."
Maarten Offinga