Slagge proef om ferhalejûn online te hâlden; ferfolch komt yn novimber

Trije fertellers, in sjongeres, in húsdokter en in learaar, fertelden freedtejûn harren ferhaal mei as tema coronafirus en lockdown. Dat dienen se yn it ramt fan de ferhalejûn, dy't dizze kear online hâlden waard.
Ferhalejûn ferrint ek online súksesfol
In eardere edysje fan de ferhalejûn, ôfrûne novimber, wie in grut sukses mei 350 ferhalen op 150 lokaasjes. De organisaasje wol dy dit jier wer hâlde, mar de kâns bestiet dat dy fanwegen de coronamaatregels net trochgean kin op deselde wize. Dêrom is in proef dien mei in online ferzy, foar in publyk fan 50 digitale harkers. Dy proef mei de trije fertellers is goed ferrûn.
De organisaasje makke ek bekend dat de twadde ferhalejûn op freed 6 novimber is. It leafst mei fysyk oanwêzich publyk en oars digitaal.
Ferslachjouwer Ronnie Porte wie by de online ferhalejûn
Opjaan om in ferhaal te fertellen kin nei de simmerfakânsje op verhalenavond.nl