Kollum: "Total loss"

"Doe't ik 19 wie, ha ik myn rydbewiis helle. Dat gie frij maklik, wy sieten thús mei in jier as seis al op de trekker, dus ûnderfining hie ik genôch. Myn ynstrukteur sei nei de earste les dat er daliks mar oanfreegje woe, want ride koe ik wol. Stikem brûkte ik heit en mem harren swarte Ascona wolris om nei de bakker of de biblioteek te riden.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De toan fan Ferdinand de Jong
Sûnder rydbewiis, ik tink dat dy misdie nei 32 jier wol ferjierre is. It is net út te sluten dat ik no freeslik negative mails krij, mar ik liich der yn elts gefal net oer. It wie net goed, mar it iennichste dat mis gie, is dat ik in iikhoarn ûnder de auto krige. Dy hat myn learaar biology, de hear Brinkgreve út Jobbegea, doe foar my preparearre en it bistje hinget noch altyd by ús oan de wand.
Goed, 32 jier skeafrij riden. Nea ergens tsjinoan, nea gjin skea. Mar dat kin dus samar oars, kamen de frou en ik achter. Wy moasten nei Grins, op besite yn it UMCG. Se binne dêr al tiden mei de dyk oan it griemen. Flak foar de ôfslach Euroborg stie it spul samar stil. Wy ek, kreas op tiid remme, sa as al dy oare kearen yn dy 32 jier. Mar dizze kear seach ik yn de spegel in buske oankommen dat fol op ús achterkant botste. Wy skeaten troch de klap op de auto foar ús en dêr stienen we. Yn de file, midden yn Grins. Fan kweade opset wie gjin sprake, wol fan in rotsituaasje.
Wy binne de ôfslach mar delknoffele en ha in parkearplak opsocht om wat te bekommen. De sjauffeur fan it buske wie der ek wyt oer, sa wie er skrokken. De griene koelfloeistof streamde him út de radiateur, syn buske wie der slimmer oan ta as ús wein, mar dy fan ús blykte letter wol fjouwer sintimeter koarter as foar de klap.
Myn frou tovere samar in skeaformulier foar it ljocht, ik wit noch net wêr't se it wei fiske. Dat, it kaam der op del dat we net op besite west ha yn it universitêr sikehûs, mar in skoft dwaande west hawwe mei beljen en notearjen fan hoe en wat. Alles yn goede harmony, mar wat fielde ik my kloaterich. Nea wat oan in auto hân, no sieten der oan beide kanten dûken yn.
Letter, nei in besite fan immen dy't der foar trochleard hat om autoskea te beoardieljen, die bliken dat de auto total loss wie. Dy term koe ik wol, mar ik hie eins gjin idee wat it yn de praktyk betsjutte, want ja, nea mei te krijen hân. Yn de Nederlânske taal wurdt it as in bijvoeglijke bepaling brûkt. De auto is total loss.
Yn it Ingelsk is it oars, dêr is it selsstannich. The car is a total loss. It komt der yn de praktyk op del dat it oan alle kanten jild kostet, hokker namme je der ek op plakke. Boppedat bin ik myn auto kwyt. Dat is spitich, mar it hie slimmer kinnen. Wy binne der sels knap foarwei kaam, in dei as wat in stive nekke wie de persoanlike skea. En: ik wit no presys wat total loss betsjut. Je leare altyd wer wat, ek fan de waardeloaze dingen dy't je oerkomme.