Ekonomyske plus fan 30 miljoen foar bedriuwen Lauwerseach nei baggerwurk

20 jun 2020 - 07:23

It meie dan wol ekonomysk drege tiden wêze, mar yn de haven fan Lauwerseach wurde noch hieltyd de ekonomyske fruchten plukt fan in wichtich baggerwurk yn it seegat tusken It Amelân en Skiermûntseach. It baggerjen fan dat Westgat yn 2018 hat in ekonomyske spin-off opsmiten fan hast 30 miljoen euro, sa docht bliken út in evaluaasje.

Dat is dan ek lean nei wurkjen, want de haven sels hat dat baggerjen yn gong setten, seit havendirekteur Harm Post.

Noch hieltyd op djipte

It Westgat is wichtich foar de haven fan Lauwerseach. En doe't dat hieltyd ûndjipper waard, wie dat te fernimmen. Net alle skippen koene der mear komme. Foar Rijkswaterstaat wie it ek wat nijs; baggerjen yn de bûtendelta wie wol wat in aventoer. Mar dat is slagge, sa die earder dizze wiken bliken doe't bekend waard dat de geul yn dit hiel dynamyske gebiet der noch hieltyd is en goed op djipte.

Al sil der noch wol wat ûnderhâldswurk nedich wêze, omdat er smeller wurdt, seit havendirekteur Harm Post dy't goed fernimme kin dat de haven fan Lauwerseach wer goed berikber is: "Het heeft gebracht dat de wat grotere kotters die niet meer door het Westgat pasten de weg naar Lauwersoog weer terug hebben gevonden. En de economische spin-off daarvan is berekend op ergens tussen de 25 en de 30 miljoen euro. Dat zijn enorme positieve effecten voor een haven als deze." Der wurdt op dit stuit wurke oan in fergunning foar it ûnderhâldsbaggerjen.

Corona

Fansels hawwe ek de bedriuwen dêr't it hjir om giet ek lêst fan de gefolgen fan it coronafirus. De fiskers fiskje net mear omdat de fraach fuortfallen is trochdat safolle restaurants ticht wienen en mar beheind iepen gean.

Harm Post

Yngenieur Steven Bonder fan Next Generation Shipyards yn Lauwerseach - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Dochs sjocht Post ek hoopfolle saken gebeuren: "Alle voorgenomen investeringen in de haven worden doorgezet. En dat betekent dat alle restaurants op dit moment nu massaal zonnepanelen aan het aanleggen zijn om daarmee ook de duurzame ambities van deze haven vorm te geven. Next Generation Shipyards is druk doende met de verdere uitbreiding van hun bedrijf; het bouwen van nieuwe hallen."

"En ook de schippers zelf hebben de zeer ongemakkelijke tijd aangegrepen om met name onderhoud naar voren te halen aan de schepen. Ze doen dan dat in de hoop en verwachting dat langzamerhand in de zomer de coronamaatregelen worden opgeheven of verder versoepeld en de vraag weer wat aan zal trekken."

Ynsette op wetterstof

Dy duorsume ambysjes fan de havenûndernimmers gean bêst fier. Sy hawwe harren ferienige yn in havenkoälysje dy't ûnder oare ynset op wetterstof as skipsbrânstof. Der moat in ekologysk sinnepark komme om de enerzjy te leverjen foar it meitsjen fan dy wetterstof. En by Next Generation Shipyards binne sy al in hiel ein mei de praktyske tapassings fan wetterstof.

Der lizze al foarûntwerpen klear foar hiel konkrete inisjativen, seit yngenieur Steven Bonder: "We hebben onder andere een voorontwerp gemaakt voor een vissersschip om te kunnen laten zien hoe je garnalen kan vangen op waterstof. Ook voor een rondvaartschip hebben we een voorontwerp gemaakt."

En ek de oerheid sit net stil, want ek de Rijksrederij is oanskood: "De Waddenunit vaart nu nog op het Wad met oude diesels en die hebben aangegeven dat wij een haalbaarheidsonderzoek mogen doen. Daarmee kunnen we zien hoe we hun unit kunnen ombouwen naar waterstof."

Steven Bonder

Boppedat wurdt op it stuit it âlde skip fan Wubbo Ockels, de Ecolution, omboud foar it brûken fan wetterstof. Nei de boufak moat it bedriuwsklear wêze en dan kin eltsenien sjen dat it ek echt wurket.

Je kan wel vissen, maar als er geen mondjes zijn die die vissen opeten, heb je er nog niets aan.

Harm Post, havendirekteur

Dat dit allegearre yn Lauwerseach kin, is gjin tafal, seit havendirekteur Harm Post: "Dat heeft allereerst alles te maken met de ligging van deze prachtige haven. Want er zijn geen havens in Nederland die liggen ingeklemd tussen een werelderfgoed Wadden en twee Nationale Parken. En iedereen in deze haven realiseert zich dat dat verplichtingen schept en heeft zich verenigd in die duurzame havencoalitie die we hebben gevormd. Daar is dit project uit voortgekomen."

"Dus er zit een deel beleving in van deze plek, maar wat je ook ziet, is dat een werelderfgoed dat toch veelal door de vissers als een bedreiging werd gezien zo langzamerhand juist een verkoopargument wordt in de richting van toeristische ontwikkelingen. En toeristische ontwikkelingen en visserij hangen toch heel nauw samen. Je kan wel vissen, maar als er geen mondjes zijn die die vissen opeten, heb je er nog niets aan."

(advertinsje)
(advertinsje)