Scooterrider swierferwûne yn Drachten; ûnder plysjebegelieding nei sikehûs brocht

19 jun 2020 - 23:27

In scooterrider is freedtejûn swierferwûne rekke op de Moleneind Zuidzijde yn Drachten. Troch noch ûnbekende oarsaak gie de bestjoerder mei de scooter ûnderút. Meardere helptsjinsten kamen mei faasje nei it plak fan it ûngelok ta.

Foto: ProNews

It personiel fan twa ambulânsen ferliende medyske help. De dyk waard ôfsletten troch de plysje. Undertusken wie ek de traumahelikopter fan Amsterdam ûnderweis yn de rjochting fan Drachten.

De ambulânse gie, neidat de man stabyl genôch wie, rjochting de A7 by Fryske Peallen. Dêr kaam de traumahelikopter fan Amsterdam ek, mei in dokter fan it Mobyl Medysk Team. Uteinlik is it slachtoffer, mei de ynfleine dokter, yn de ambulânse ûnder plysjebegelieding nei it sikehûs yn Grins brocht.

De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)