Heit (34) plakt dochterke (4) fêst mei ducttape; frijsprutsen fan mishanneling

19 jun 2020 - 23:04

In 34-jierrige man út Easterwâlde dy't yn novimber ôfrûne jier syn fjouwerjierrige dochter mei ducttape tsjin de muorre plakte, is freed troch de plysjerjochter frijsprutsen fan bernemishanneling. "Het kan misgaan, maar ik kan niet vaststellen dat het mis is gegaan", stelde rjochter Maring.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De offisier fan Justysje fûn wol dat de ynwenner fan Easterwâlde him skuldich makke hie oan mishanneling. Neffens offisier Van der Heide hie de man syn bern yn beskerming nimme moatten, ek al woe it bern miskien wol fêstplakt wurde.

De mem wie der wis fan dat it bern it net leuk fûn. Neffens har soe it famke gûld ha en roppen ha dat har heit ophâlde moast. De fertochte sei dat it bern it prachtich fûn en fuortendaliks neidat se wer los wie, mei de foto's dy't heit makke hie nei de buorlju gie.

De rjochter konkludearre dat hy net fêststelle koe dat de 34-jierrige man syn dochter opsetlik wat oandwaan woe.

Wol feroardiele foar bedriging

De man út Easterwâlde waard wol feroardiele foar it bedriigjen fan de nije freon fan syn eks-frou. De man hat tolve dagen yn foararrest sitten. De rjochter hat de man nochris tritich dagen ûnder betingst oplein, mei in proeftiid fan trije jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)