Wurkstraf foar man út Easterwâlde dy't mei hângranaat nei gemeentehûs ta woe

19 jun 2020 - 22:49

In 49-jierrige ynwenner fan Easterwâlde hat foar it bedriigjen fan de gemeente Eaststellingwerf en it bedriuw Smilde Foods in wurkstraf fan tweintich oeren plus tweintich oeren ûnder betingst krigen.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man moast him freed foar de plysjerjochter ferantwurdzje, omdat er begjin dit jier drige mei in hângranaat nei it gemeentehûs yn syn wenplak te kommen. De gemeente die út foarsoarch de doarren op slot.

Al jierren klaget de man oer lûdsoerlêst fan it bedriuw Smilde Foods. Hy hat de ôfrûne jierren regelmjittich nei it fabryk belle en drige ek de boel yn 'e brân te stekken.

It Iepenbier Ministearje woe de saak earst seponearje, mar doe't de fertochte op 18 febrewaris fan dit jier in amtner belle en driigjende taal spruts, waard er oppakt. De man soe drige ha himsels troch de holle te sjitten, mar earst mei in hângranaat nei it gemeentehûs te kommen.

Oar hûs

Neffens de rjochter is de gemeente ree om de man oan in oar hûs te helpen en dêr liket er yn mei te gean. "Ik ben bereid om de strijd op te geven. Als ik ga verhuizen heb ik er geen last meer van", sei de man tsjin de rjochter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)