Eline de Koning wurdt nije fraksjefoarsitter PvdA Ljouwert

Eline de Koning is mei yngong fan freed de nije fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de gemeenteried fan Ljouwert. Se folget Andries Ekhart op dy't op 21 maaie hommels ferstoar.
Eline de Koning (PvdA) © PvdA Leeuwarden
De Koning is sûnt 2010 riedslid en fan 2013 ôf vice-foarsitter fan de gemeenteried. Dy lêste funksje leit se del as der in opfolger keazen is. De PvdA meldt dat De Koning besiele har riedswurk docht, in sosjaal hert en in breed netwurk hat.
Yn it deistich libben wurket Eline de Koning by it Friesland College op it mêd fan ûnderwiisûntwikkeling.