Advokaten fan kantoar Anker & Anker ferdigenje Syryske terrorismefertochte

19 jun 2020 - 21:14

De 24-jierrige man út Syrië dy't ôfrûne tiisdei oanhâlden is yn it asylsikerssintrum fan Balk wurdt bystien troch de advokaten Erik Stoeten en Maaike Kampen fan kantoar Anker & Anker út Ljouwert. It foararrest fan de man is mei fjirtjin dagen ferlinge.

Foto: Google Streetview

De Syriër wurdt fertocht fan belutsenheid by in islamityske, terroristyske organisaasje. Neffens it Iepenbier Ministearje hat hy yn 2015 en 2016 yn Syrië nei alle gedachten dielnommen oan de islamityske groep Ahrar Al-Sham. De rjochtbank yn Rotterdam hat dizze groep ferline jier twa kear oanmurken as terroristyske organisaasje.

De fertochte hat yn desimber 2018 yn Nederlân asyl oanfrege. It ûndersyk nei de man begûn mei ynformaasje fan de Immigratie- en Naturalisatiedienst. Yn syn keamer yn it azc yn Balk binne meardere gegevensdragers yn beslach nommen.

Freed hat de rjochter-kommissaris yn Rotterdam bepaald dat de man de kommende twa wiken fêstsitten bliuwt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)