Stekpartij by stasjon Ljouwert: plysje ropt op filmkes net fierder te fersprieden

19 jun 2020 - 20:49

De plysje ropt op om bylden dy't minsken makke ha fan de stekpartij freed by it stasjon yn Ljouwert net fierder te fersprieden. Foar de eagen fan tsientallen omstanners waard om it middeisoere hinne yn in auto dy't foar it stasjonsgebou stie in 64-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanfallen mei in mes. In 38-jierrige man út Rotterdam is oanhâlden.

"Het is een heftig incident", seit wurdfierder Anne Kok fan de plysje Noard-Nederlân. "Er gaan op dit moment ook best veel beelden op social media rond en wij roepen mensen dan ook op om die beelden niet verder te verspreiden. Ook gezien de impact daarvan op de familie van het slachtoffer en het slachtoffer zelf."

Neffens Kok kinne dy filmkes wol helpe by it ûndersyk nei it stekynsidint. "We zijn ook zeker op zoek naar mensen die ons die filmpjes kunnen laten zien, die daar geweest zijn. Die ons beelden kunnen geven van het moment zelf, maar ook van het moment dat zich daar aan vooraf heeft afgespeeld. Daar zijn we echt nog extra naar op zoek."

It stasjon is ien fan de drokste plakken yn de stêd en in soad minsken wiene tsjûge fan it ynsidint op klearljochtskyndei. Kok seit dat der slachtofferhelp beskikber is foar de minsken dy't dat nedich ha.

Foto: Kappers Media

Wurdfierder Anne Kok fan de plysje Noard-Nederlân

(Advertinsje)
(Advertinsje)