Fernielingen yn natuergebiet Bûtenfjild: "Wat foar sin hat soks?"

19 jun 2020 - 20:07

Der binne hieltyd mear fernielingen yn Fryske natuergebieten no't minsken yn de coronatiid de natuer op sykje. It Fryske Gea fernimt dat de natuergebieten drok besocht wurde. Dêr binne se bliid mei, mar it soarget der ek foar dat it fandalisme tanimt.

"Je wolle minsken gastfrij ûntfange", seit distriktshaad Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea. "Mar troch al die fernielingen wurdt it der net makliker op. Dêr sit wol in spanningsfjild op. Dan ha je in protte ekstra kosten, mar je wolle ek net alles fan beton ûntwerpe om it mar 'hufterproof' te krijen."

Jongsma rint troch natuergebiet Bûtenfjild yn Feanwâlden. Oer in paadsje fan 100 meter bliuwt er stean by in pear tegels. "Hjir binne lêsten ek al in pear tegels derút helle en nei alle gedachten yn it wetter goaid. Dy ha we no ferfongen, mar it is skande fan it jild."

It paadsje einiget by in houten húske dêr't minsken efkes op in bankje sitte kinne. It dak fan it húske is ek troch fandalen ûnder hannen nommen. "Sjoch, in planke is der útslein", seit Jongsma, wylst hy it in peal fan it dak beetpakt. It húske stiet by it wetter en leit bûtenút. "Hjir is it rêstich", ferfolget Jongsma syn ferhaal. "Je wolle de minsken hjir hinne ha, want dan kinne se genietsje fan de natuer, mar der is in lyts groepke dat it foar oaren bedjert."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn natuergebiet Bûtenfjild

Yn coronatiid sjocht Jongsma hieltyd mear fernielingen en neffens him komt dat troch jongeren dy't har ferfele. "Se wurde bygelyks út de doarpen weistjoerd, omdat se dêr foar oerslest soargje en dan sykje se wat rêstiger gebieten op. We ha ynsidinten hân mei jeugd dy't oan it hurdfarren is of brân stichtsje."

"Sjoch bygelyks dizze grûnwettermeter", seit Jongsma, wylst hy nei in grutte peal rint. "It is foar de minsken moai om te lêzen, mar as der yn it opknappen sa'n protte kosten sitte, dan moat we betinke oft we him wol hâlde kinne. De plastic meter is kapot slein en de buorden mei útlis binne fuort. Dan tink ik: wat foar sin hat soks? We freegje ús no ôf oft we de grûnwettermeter noch opknappe moatte. Miskien moatte we him der mar weihelje, want hy hat faker fernield west."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

It is dreech om in oplossing te finen foar alle fernielingen. "We kinne net elke dei op in bêd lizze en wachtsje op minsken", laket Jongsma. "Dus roppe we minsken op om inoar ek efkes te wizen op de fernielingen. In stikje sosjale kontrôle."

Fierders is der ek tafersjoch yn gearwurking mei de plysje en ferskate partijen dy't yn it bûtengebiet aktyf binne. "Mar helaas kinne se net oeral tagelyk tafersjoch hâlde", seit Jongsma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)