Ien besite yn 'e wike yn Foswert, strange coronaregels 'yn striid mei minskerjochten'

19 jun 2020 - 18:32

De argewaasje nimt ta oer de 'willekeur' by de coronaregels yn de ferpleechhûssoarch. Wylst yn guon ferpleechhuzen besite alle dagen wolkom is, is dat op oare plakken op syn meast ien kear yn 'e wike. Ferpleechhûs Foswert yn Ferwert heart by de strangere tehuzen, is de yndruk fan Berber Bijma fan de nije stichting 'Stop Onnodige Vrijheidsbeperking in de Zorg'. Dizze nije organisaasje ûndersiket oft se de ynspeksje yn de soarch ek twinge kinne om stranger tafersjoch te hâlden op ferpleechhuzen.

Coronamaatregels yn de soarch

Berber Bijma har heit Bartele Bijma (90) wennet yn Foswert. De âld-boer mei graach bûtendoar komme en fielt him neffens eigen sizzen no 'in finzene' fan de soarch. "Us heit wol stommegraach wer ris by ien fan syn dochters yn de tún sitte of in iisko ite oan de Dokkumer Ie, mear net", fertelt frou Bijma. "Hy wol graach werris ûnder de 'gewoane' minsken komme."

In pear moanne lang mocht net ien op besite komme by de njoggentich bewenners fan Foswert. Ofrûne moandei waard de besikersregeling in bytsje ferromme, mar net genôch nei de sin fan Bijma en syn famylje, want it bliuwt by ien besite yn 'e wike foar twa fêste besikers. Pakesizzers falle dan al gau bûten de boat.

Op papier mei ús heit noch net selsstannich nei bûten ta, mar dat docht hy wol.

Berber Bijma

"De regels binne wat ferromme en it liket sels as mei der yn de praktyk wat mear mei as op papier. Op papier mei ús heit noch net selsstannich nei bûten ta, mar dat docht hy wol. Der is gjinien dy't him weromhellet, sa't dat earder wol barde. Hy hat no in wike as fjirtjin binnendoar sitten, sadwaande is it enoarm belangryk om yn beweging te bliuwen en in gefoel fan frijheid en selsstannigens te hâlden."

Berber Bijma wol graach mei har heit nei de eachdokter om syn rydbewiis ferlingje te litten. Op papier hantearret Foswert dêrby de regel dat er dêrnei twa wiken binnen sitten bliuwe moat yn karantêne. Itselde jildt as er by ien fan de bern op de kofje giet. "Wy wolle graach swart op wyt krije dat dat net hoecht", seit Bijma. "Der kin test wurde, dus dat liket ús hielendal net nedich. Der binne grutte ferskillen tusken soarchynstellings yn it lân yn hoe strang oft se binne. Foswert heart wol by de strangste, dat is dúdlik."

Berber Bijma praat yn de tún fan Foswert mei har heit op dy syn balkon - Foto: Omrop Fryslân

Berber is dwaande om it probleem oan de kaak te stellen mei de nije stichting 'Stop Onvrijwillige Vrijheidsbeperking in de zorg'. "Ik bin dwaande mei in jurist en advokaat, dy't sizze dat dit yngiet tsjin alle minskerjochten en fûnemintele boargerrjochten. Hjir wolle we foar de rjochter wurk fan meitsje. We wolle de saak foarlizze oan de rjochter en de ynspeksje oansprekke, sadat dy hanthavenet en it tafersjoch wer op him nimt."

It is net it plan om Foswert foar de rjochter te daagjen. "It soe moai wêze om mei ien rjochtsaak dúdlikheid te krijen oer dy ferskillen tusken ynstellings. It giet ús om de willekeur, dêr moat in ein oan komme."

Direkteur Foswert 'net bliid'

Direkteur Jan Douwe de Jong lit yn in reaksje wite dat er 'net bliid is' mei de aksjes fan Berber Bijma. Hy is bysûnder wiis dat Foswert oant no ta corona bûten de doar hâlden hat en wol dat graach sa hâlde. De ploech fan Omrop Fryslân is net wolkom yn it kompleks of op it terrein, want 'in sjoernalist dy't oeral komt' foarmet yn syn eagen ek in risiko. Op de prinsipjele beswieren fan frou Bijma wol De Jong freed net yngean. "Nije wike wol ik jimme wol te wurd stean, meitsje mar in ôfspraak mei myn sekretaresse."

Ferslachjouwer Onno Falkena praat by wensoarchsintrum Foswert yn Ferwert mei Berber Bijma

(Advertinsje)
(Advertinsje)