Mooglik skoalfúzje tusken OSG Singelland en Burgemeester Harmsmaskoalle

19 jun 2020 - 18:13

De bestjoeren fan twa skoalorganisaasjes yn Smellingerlân en Opsterlân tinke deroer om te fusearjen. It giet om OSG Singelland en de Burgemeester Harmsmaskoalle op De Gordyk. Reden foar mear gearwurking is it weromrinnend tal learlingen, omdat de befolking yn de regio weromrint.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Dêrtroch komme de skoalorganisaasjes ûnder druk te stean, sizze de bestjoeren. It liket har dêrom better om it skoaloanbod ûnder ien bestjoer te bringen. Dat soe de posysje fan it iepenbier ûnderwiis yn de regio sterker meitsje.

OSG Singelland en de Burgemeester Harmsmaskoalle sette yn op in bestjoerlike fúzje mei yngong fan 1 jannewaris takom jier.

Direkteur Jolida Voetelink fan de Boargemaster Harmsmaskoalle oer de mooglike fúzje

(Advertinsje)
(Advertinsje)