GGD: Njoggen nije coronabesmettingen, net ien yn Fryske soarchynstellingen

19 jun 2020 - 16:56

Njoggen gefallen fan besmetting mei it coronafirus binne de ôfrûne wike oant it ljocht kaam by minsken dy't har teste litten ha by de GGD. Ferline wike wiene it der tsien, mar dêr sieten ek de gefallen by yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Yn de fersoargingshûzen yn Fryslân binne foar de fyfde wike op rige gjin nije gefallen fan besmetting mei it coronafirus fêststeld.

De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Der binne by de GGD ek gjin nije sikehûsopnamen meld. En der wiene ek gjin nije stjergefallen yn Fryslân, dat oantal bliuwt stean op 69. De minsken dêr't it om giet, wiene hast allegear boppe de santich jier.

No't der al mear as in moanne gjin positive gefallen binne yn Fryske soarchynstellingen, wurdt de rop om de coronamaatregels dêr noch mear te ferromjen hieltiten lûder. We prate deroer mei direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân.

Hoe bot hearsket it coronafirus op it stuit yn soarchynstellingen?

"It firus hat benammen heal maart oant heal maaie yn Fryslân west. Doe wie ús lytse pyk. No is der al fiif wiken gjinien posityf test, dus it wurket wol."

Hoe hat it west, fan it begjin ôf fan de útbraak fan it firus?

"Yn totaal hawwe we no ûngefear 150 gefallen fan coronafirus yn Fryslân. In tredde dêrfan, hast 50, is deroan ferstoarn. Dêr sjochst wol oan dat it hiele oare sifers binne as oer de rest fan it lân en oare leeftiidsgroepen."

Litte bewenners fan soarchynstellingen har in soad teste?

"De spesjalist âldereingenêskunde set sa'n test yn en dy binne dêr wol hiel rom mei. Foaral by de echt âldere minsken binne der oare symptomen. By harren teste we wol wat rapper. Der wurdt folop test, dêr binne we net weromhâldend yn."

De situaasje liket no goed ûnder kontrôle, komt dat troch de coronamaatregels?

"De kombinaasje fan maatregels hat wurke. We witte allinnich net hokker presize maatregel de measte ynfloed hat. Dêr moatte we ynsjoch yn opbouwe. It liket dat der bûten minder gefaar is as binnen. Dêr kinne we ús de kommende tiid oan fêsthâlde. Krekt as by de demonstraasje op De Dam. Dêr wie mar ien besmetting en we witte net iens oft dy dêr wol oprûn is. We wurde miskien wol wat tûker mei it firus. De maatregels wurde spesifiker en dat is wêr't je hinne wolle."

De rop om mear ferromming wurdt lûder, ek mei it each op it geastlik wolwêzen. Kin it?

"Moatst dy foarstelle datst oan de ein fan dyn libben bist yn sa'n hûs. De fersoargers hawwe in enoarm gefoel foar harren minsken. Dus oan de iene kant is der it wolwêzen fan de famylje dy't graach de bewenners sjen wol en oan de oare kant it ferantwurdlikensgefoel fan soarchmeiwurkers dy't sjogge dat minsken siik wurde en deagean. Der binne allegear gefoelens dy't fan alle kanten meispylje. We moatte hieltyd de balâns fine tusken it yndividu en de groep."

Direkteur Margreet de Graaf fan de GGD

(Advertinsje)
(Advertinsje)