Sporter fan de Wike: Ramon Jongschaap

Hy is 18 jier, bearesterk en op syk nei útdagingen dy't fan him sawol mentaal as fysyk it uterste freegje. Ramon Jongschaap fan Ljouwert is yn topfoarm. Dit seizoen soe it WK triatlon yn septimber yn Almere syn haaddoel wêze. Mar dat giet net troch fanwege it coronafirus.
Sporter fan de wike: Ramon Jongschaap
Hy hat ferline jier, doe't hy 17 jier wie, syn debút makke op de triatlon en hat dy folbrocht. Dat is op himsels al in prestaasje fan grut formaat, mar Jongschaap wie ek de jongste en pakte as iennichste dielnimmer ûnder de 20 jier de oerwinning yn syn leeftiidskategory. Mei in tiid fan 13:24:47 kaam er yn Almere oer de einstreek.

Trainingen

Syn trainingen gean gewoan troch. Sa'n tweintich oeren yn 'e wike. Efter hûs wei yn de Ljouwerter wyk Camminghaburen springt er yn it wetter fan it Alddiel. De Bonke swimt er troch, wêrnei't er him klear makket foar it fytsen. "Ik ben heel erg op zoek naar het einde. Wat is er mogelijk? Wat kan ik bereiken, hoe ver kan ik gaan. Eigenlijk wil ik steeds sneller en harder gaan", fertelt Ramon.
Ramon Jongschaap nei it swimmen yn de Bonke © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Drave docht er ek. Hy rûn heale maratons doe't er tocht oan triatlon. Troch syn foarnimmen mei te dwaan oan it WK triatlon yn septimber yn Almere koe troch de coronakrisis in reade streek. Dus kaam der in nij doel: de Ironman op Hawaï. "Als ik in het water lig, denk ik maar aan één ding. Je doet het allemaal voor de Ironman. Dat wordt beschouwd als het zwaarste eendaagse sport evenement ter wereld."
Tuskentroch tinkt er 'noch efkes' oan in ultramaraton fan 90 kilometer. Wylst ek syn bootcamptrainingen gewoan trochgean. Grutte fraach is wat Ramon driuwt yn syn doel om himsels mentaal en fysyk sa bot op 'e proef te stellen. "Toen ik 15 was, woog ik nog 95 kilo. Ik had zwaar overgewicht, maar zette de knop om. Dat werkte goed, ik kreeg veel meer zelfvertrouwen."
De Ironman dêr't Ramon oan meidwaan wol, is it WK Triatlon op Hawaï. De Ironman bestiet lykwols út in searje wedstriden dy't altyd de klassike ôfstannen oanhâlde. Om him te kwalifisearjen moat er earst in goede prestaasje delsette op de Ironman yn Taiwan.

Klassike ôfstannen triatlon

De sport en de yn 2019 ferstoarne DJ Avicii hâlde him oerein wannear't er it mentaal dreech hat. "Hij is deels overleden omdat hij zichzelf dood heeft gewerkt. Ik kom ergens vandaan en ik wil ergens naar toe en zijn muziek helpt mij daarbij. Ik durf zeker te zeggen dat hij en zijn muziek mij daarbij zeker hebben gebracht waar ik nu sta."
Yn maart 2021 hopet er him te kwalifisearjen, yn septimber dat jier stiet dan it WK yn Hawaï op it programma.