Freedsmerk: hoe sit it mei it gelok yn Fryslân?

19 jun 2020 - 13:18

"Fryslân is it bêste lân fan 'e ierde; gjin wûnder dat de minsken hjir gelokkich binne!" Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk, dêr't it dizze wike oer gelok gie. Tryater sil de kommende tiid de provinsje yn op syk nei it antwurd op de fraach wêrom't Friezen yn trochsneed gelokkiger binne as oaren. Dat soe dan úteinlik it 'grutste geloksgedicht ea' opsmite moatte.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Op de Freedsmerk kaam in grut ferskaat oan antwurden. Minsken hiene it oer de natuer, de fûgels en it waar. Oaren neamden de minsken om har hinne, dy patriis by Ravenswâld en de sûnens. Guon minsken waarden lokkich fan de lytse dinkjes om har hinne, goed sliepe en lekker ite.

Lokkich fan kij

In jonge frou sei benammen lokkich te wurden fan kij. "En dêr ha we der hjir in soad fan, dus dat sil it dan wol wêze dat we hjir gelokkiger binne!" In oar sei op flústertoan: "Dat komt fan de romte en de frisse lucht, mar dêr moast net te folle oer prate hear, want oars reitsje we dat wer kwyt".

Ferslachjouwer René Koster frege minsken op de Freedsmerk nei harren gelok

Trefwurden: 
Tryater freedsmerk gelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)