Dasseboarch by It Hearrenfean: "Dit is unyk, dit moatte wy diele"

In dasseboarch yn 'e achtertún, dat kin net elkenien sizze. Der is ien man dy't dat wol kin, en dy wennet yn 'e omjouwing fan It Hearrenfean. Pyt hat yn it begjin fuortendaliks al kamera's op de boarch rjochte en hat no in hiel soad byldmateriaal.
© Shutterstock
Ien fan de earste opnamen dy't Pyt makke hat, is fuort al frij unyk. "Sjochst in mantsje en in froutsje en dy binne drok oan it pearjen en dan komt ynienen fan de rjochterkant in tredde das yn byld. Dy tredde wol ek meidwaan en syn plakje feroverje, mar dêr binne de oare twa it net mei iens en dy helje feninich út", fertelt Pyt. "Dy tredde das haw ik letter noch wol wer ris sjoen, mar de lêste moanne eins net mear. Dus de earste hat it wûn fan de yndringer."

Bylden op ynternet

De bylden dy't Pyt makket mei syn kamera komme op de webside fan it Fryske Gea te stean, Op dy wize wolle sy elkenien meigenietsje litte fan dizze bysûndere bylden. "It is fansels in hiel mysterieus bist, mei in hiele bysûndere libbenswize. Dit is unyk, dit moatte we diele. Mei dizze bylden krije jo echt in kyk yn it libben fan in das", fynt Sietske Rintjema.
Pyt en Sietske fertelle oer de kamera's dy't yn 'e tún hingje
Pyt wist earst ek net hoe't in dasseboarch der út sjocht en kaam it tafallich tsjin doe't hy troch de tún kuiere. "Ik hie ek noch nea earder in dasseboarch sjoen, mar ik tocht: dit moat hast wol, dit kin hast net oars wêze. Om de safolle meter siet in gat en oer in lingte fan fyftich meter koest wol sjen dat der in hiele protte groeven wie. Ik tocht al gau dat dit in das wie."

Gongestelsel

In das is hast like grut as in lytse Stabijhûn, seit Pyt. "Se meitsje behoarlik lange gongen en keamers, dy binne allegearre mei-inoar ferbûn. Dus it is in soarte gongestelsel mei in oantal keamers, sa sjocht dat der ûnder de grûn út."
Pyt leit út hoe't in dasseboarch der krekt út sjocht
Om de rêst fan de dassen waarboargje te kinnen, hâldt It Fryske Gea de krekte lokaasje fan de dasseboarch geheim. Ek wurdt dêrom yn dit artikel allinne de foarnamme fan de belutsen persoan brûkt.