UPDATE: A7 rjochting Fryslân wer frij, camper fan 'e dyk helle

19 jun 2020 - 12:07

Op de A7 tusken Fryske Peallen en Marum is freedtemoarn in camper op 'e kant op 'e dyk terjochte kaam. Hoe't dat krekt barre koe en oft der ien ferwûne is, is net dúdlik. De sneldyk rjochting Fryslân wie in skoft ôfsletten, mar waard yn 'e rin fan de middei wer frijjûn.

Foto: De Vries Media

Der kamen al gau meardere helptsjinsten nei it plak fan it ûngelok. De plysje docht noch ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok. Der stie in file fan meardere kilometers op de A7. In bergingsbedriuw hat de camper fan de dyk helle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)