Gerrit Hiemstra nije kommissaris fan Omrop Fryslân

Gerrit Hiemstra is beneamd ta lid fan de ried fan kommissarissen fan Omrop Fryslân. Hiemstra, meteorolooch en waarpresintator by de NOS, kriget media as oandachtsgebiet. De ried fan kommissarissen bestiet fierder út Ger Jaarsma (foarsitter), Saakje Mulder, Lian Nijenhuis en Edwin Meijer.
© CheeseWorks
Gerrit Hiemstra (1961, berne yn Drachten en opgroeid yn Sumar) hat in brede ekspertize op it mêd fan de meteorology. Hy wurket sûnt 1998 as waarpresintator by de NOS. Nei syn stúdzje oan de universiteit fan Wageningen wurke Hiemstra ûnder oare by Meteo Consult en it KNMI en as oprjochter en direkteur fan DLV Meteo en WeerOnline.
De lêste jierren rjochtet Hiemstra him mei syn bedriuw Weather Impact op it jaan fan advys oer ekstreem waar en klimaatferoaring. Hy jout ek lêzingen en kursussen op dat mêd. Fierder is hy lid fan de Wageningen Ambassadors en ambassadeur fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden.

"Werom nei Fryslân"

"It is tige earfol om oan te treden as lid fan de ried fan kommissarissen fan Omrop Fryslân", neffens Gerrit Hiemstra. "De Omrop is in wichtige organisaasje yn Fryslân en spilet in grutte rol yn de Fryske mienskip en foar de Fryske taal en kultuer. Ik haw lang bûten de provinsje wenne, mar meikoarten sille wy werom nei Fryslân. It is moai dat ik dan op dizze wize in bydrage leverje mei oan de Omrop en oan de Fryske mienskip."
Ek foarsitter Ger Jaarsma fan de ried fan kommissarissen is wiis mei de komst fan Hiemstra. "Hy is hikke en tein yn Fryslân, praat Frysk en komt dizze simmer wer yn it heitelân te wenjen. Mei Gerrit helje wy ûndernimmerskip en kennis fan it wurkjen op redaksjes binnen. In hiel goede oanfolling op de hjoeddeiske ried fan kommissarissen."